As de loften brekke Songtext
von Baldrs Draumar
As de loften brekke Songtext
Om my hinne falle,
Folken en fijannen
It bloed beklaait it griene gers
Mei bile en mei skyld,
Slach ik yn it rûn sa wyld
Myn ear, myn lân, dit is wêr't ik stjer
It paad foarút is no foar dy
Walhalla wachtet al op my
De Aesir en de Vanir, sy komme tichterby
Walhalla wachtet al op my
De loften brekke iepen,
Striidgoadinnen ferskine
Myn geast ferdizet
De bylden yn myn kop
Myn soan fjochtet fierderop
Sakjend troch de knibbels raas ik út
De blêden fan Glasir glimkje yn it ljocht
Ik meitsje my no klear, foar myn lêste tocht
Heidrun weidet oan 'e tûken fan 'e Goadebeam
En boppe de westerdoar saait in grutte earn

Lyrics powered by www.musixmatch.com