Songtexte.com Drucklogo

Keningsting Songtext
von Baldrs Draumar

Keningsting Songtext

It is hjerstwaar yn ′e wrâld en de dagen wurde skier
Mar minsken jong en âld komme nei de beam fan fier

Asega is it tingtiid? De tiid is kaam om te kiezen
Sa is it! Fryslân's soannen it ting sil jim in kening jaan
Rûn tûzen fjurren wurdt sprutsen oer moarn,
Oer de nije kening Aldgillissoan

Wêda′s segen sil der ha, oan him sil ik in offer bringe
Mei it knyft djip yn myn fleis dript it bloed my oer de fingers
Kervjend yn myn eigen boarst sil ik help oan ieneach freegje
Om te bringen op it skyld de man dy't eare en rykdom takomt


Oanfurdigje myn offer!
Stean ús by!
Oanfurdigje myn offer!
Stean ús by!

Mei goadefroulju praat er en mei Nertha op syn hân
Sil oer de lannen hearskje, Aldgillissoan

Dan wurdt it stil
Oant de Asega ropt:

Folk fan Fryslân, soannen fan Inguz,
Harkje nei wat ik sis
Op it skyld sil heven wurde
De man dy't troch ús útkard is

Songtext kommentieren

Log dich ein um einen Eintrag zu schreiben.
Schreibe den ersten Kommentar!

Beliebte Songtexte
von Baldrs Draumar

Fans

»Keningsting« gefällt bisher niemandem.