Songtexte.com Drucklogo

Sabearelân Songtext
von Nynke Laverman

Sabearelân Songtext

Tear dy iepen
Nei it ljocht
Nei de sinne
Kear dyn lyfke om
En sjoch
Alles
Alles

Tel alle rigers
Flean mei
Nei Sabearelân
De slangen en de tigers
Alles
Alles komt goed


En alles wat ik sizze kin
Is dat leafde net stikken kin
En dat alles lyts leaf jonkje
Alles alles wat der is
En alles watsto bist
Fan leafde makke is
En alles alles
Alles komt

Folgje de flinters
Fal oer de râne
Yn in nij ferhaal
De spikers en de splinters
Alles
Alles komt goed

En alles wat ik sizze kin
Is dat leafde net stikken kin
En dat alles lyts leaf jonkje
Alles alles wat der is
En alles watsto bist
Fan leafde makke is
En alles alles
Komt goed
Komt goed
Komt goed

Songtext kommentieren

Log dich ein um einen Eintrag zu schreiben.
Schreibe den ersten Kommentar!

Beliebte Songtexte
von Nynke Laverman

Quiz
Wer besingt den „Summer of '69“?

Fans

»Sabearelân« gefällt bisher niemandem.