Songtexte.com Drucklogo

Hva faen!? Songtext
von Baldrs Draumar

Hva faen!? Songtext

Wy farden′s nachts oer wylde see, op syk nei in ryk lân.
De wyn wie hurd, de weagen heech mar dat die ús neat.
Ús skip wie stampfol laden mei bier, mear bier en bier.
Wy sochten om Britannje mar kamen net sa fier.

Hva Faen sjonge wy, Hva Faen.
Hva Faen sjonge wy, Hva Faen.

Hva Faen Sjonge wy mei it bier yn 'e strôt,
En de hoarn yn′e hân rint it focht ús oer de lea.
Hva Faen sjonge wy en wy drinke derbei oantemei ús dea!
Hva Faen Sjonge wy mei it bier yn'e strôt,
En de hoarn yn'e hân rint it focht ús oer de lea.
Hva Faen sjone wy en wy drinke derby soks seagen wy nea!

Gjin kleastertoer, gjin wjerljochten as tekens yn ′e nacht.
En doe ieniens, mei in klap rekken wy wat hurds
Ja wy wisten neat om te dwaan, want wy hiene te folle hân.
Wy sonken dronken yn de see en nergens wie noch lân.

Hva Faen sjonge wy, Hva Faen.
Hva Faen sjonge wy, Hva Faen.


Hva Faen sjonge wy mei it bier yn ′e strôt,
En de hoarn yn'e hân rint it focht ús oer de lea.
Hva Faen sjonge wy en wy drinke derbei oantemei ús dea!
Hva Faen sjonge wy mei it bier yn′e strôt,
En de hoarn yn'e hân rint it focht ús oer de lea.
Hva Faen sjonge wy en wy drinke derby soks seagen wy nea!

It deiljocht kaam, en it tsjuster gie.
En wy spielden oan op′t strân.
Mar dit wie net Brittanje, nee dit wie it Fryske lân.
(Hva Faen!)

Hva Faen sjonge wy mei it bier yn 'e strôt,
En de hoarn yn′e hân rint it focht ús oer de lea.
Hva Faen sjonge wy en wy drinke derbei oantemei ús dea!
Hva Faen sjonge wy mei it bier yn'e strôt,
En de hoarn yn'e hân rint it focht ús oer de lea.
Hva Faen sjonge wy en wy drinke derby soks seagen wy nea!

Wy bleaune mar yn Fryslân, jawis en wurklik wier.
Want dy mannen fan it Fryske lân, dy drinke ek graach bier!
Nei in skoft hienen wy har froulju, en sprutsen wy har taal.
En no tûzen jieren letter hearre jimme ús ferhaal!

En ja Hva Faen sjonge wy, Hva Faen.
Hva Faen sjonge wy, Hva Faen.


Hva Faen sjonge wy mei it bier yn ′e strôt,
En de hoarn yn′e hân rint it focht ús oer de lea.
Hva Faen sjonge wy en wy drinke derbei oantemei ús dea!
Hva Faen sjonge wy mei it bier yn'e strôt,
En de hoarn yn′e hân rint it focht ús oer de lea.
Hva Faen sjonge wy en wy drinke derby soks seagen wy nea!

Songtext kommentieren

Log dich ein um einen Eintrag zu schreiben.
Schreibe den ersten Kommentar!

Beliebte Songtexte
von Baldrs Draumar

Quiz
Welche Band singt das Lied „Das Beste“?

Fans

»Hva faen!?« gefällt bisher niemandem.