Eachkontakt Songtext
von Die Twa
Eachkontakt Songtext
It wie as in sinne yn′e nacht,
Dit hie ik noait in kear ferwacht,
Ik wie ferrast lykas in bern
Do wiest der samar ut it neat
Kaamst as in floedweach oer myn lea
En yn ienen wie'k ferlern
It bin de kûltsjes yn dyn wangen,
Dyn moaie sêfte hânnen
De krultjes yn dyn hier
En de waarmte yn dyn stim
De twinkeling yn dyn eagen,
Dy makket my ferlegen
It bringt my nei in alderfleurichst sin
Ik hie mar ien sekonde eachkontakt mei dy
En do mar ien seconde eachkontakt mei my
De fonk sloech oer, tusken us yn dy iene tel
Eachkontakt mei dy, Eachkontakt mei dy
Wy rinne tegearre hân yn hân,
Mei bleate foeten oer it strân
Op dizze moaie simmerjûn
Mei dy ha ik it nea wer kâld
Wer′t wy ek binne op'e wrâld
Yn dy ha ik de wiere fûn,
Ik kin de hiele nacht wol rinne,
Mei dy wachtsje oan't de sinne,
Har waarmte fiele lit
Fan in nije simmerdei
Us werombringt by it ljocht
Wat de leafde by us brocht
Yn dy ien sekonde eachkontakt mei dy

Writer(s): Jacob Dijkstra, Bart Erkelens, Krijn Dijkstra Lyrics powered by www.musixmatch.com